Noflike Nijjiersmiddei Frysk Selskip Swol

Grytz & Grize (Grytsje Melchers en Douwe van der Werff) binne tegearre al sûnt 2010 op in paad mei yn haadsaak covers op feesten en partijen. Se hawwe lykwols ek in programma gearstald mei allinne mar Fryske ferskes, dy’t se mei Bokke Rypma en Jan Hoekstra (muzikanten) bringe. It binne lietsjes fan it duo sels mar ek fan Bokke en Jan en fan oaren.

Yn 2013 wûnen se mei it liet ’Bliuw by my’ de publykspriis yn de finale fan LIET, in festival foar minderheidstalen. Boppedat is Grytsje bekend wurden mei de Fryske fersy fan nûmers fan Boudewijn de Groot. In pear fan dy nûmers sitte ek yn it programma, dat se op ús nijjiersmiddei op freed 19 jannewaris bringe.

Datum

jan 19 2024
Verlopen!

Tijd

14:00 - 17:30

Locatie

De Weijenbelt
QR code