Frysk Selskip Swol: Age Veldboom mei de foarstelling ‘Myn Skip’

Nei in suksesfolle rige fan útferkochte foarstellings yn septimber 2018 fan it iepenloftspektakel oer de skiednis fan it skûtsje, gie ‘Myn Skip’ mei dit ferhaal de teäters yn. In foarstelling oer hurd wurkjen en genietsje, oer lije en leafde, oer stoer en kwetsber, oer winne en ferlieze. Mar foaral ek ferhalen oer it skûtsje, fan wurkskip nei wenskip nei rekreaasjeskip.
Ferhalenferteller Age Veldboom nimt it publyk op entûsjaste wize mei yn de wrâld fan it skûtsje, dy’t hy as gjin oar kint. Hy is in kuierjende ensyklopedy as it oer it skûtsje giet en jout ferskate kearen kommentaar by Omrop Fryslân en Omroep Max tidens it skûtsjesilen. En hy is de man fan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld.
It singer/songwritersduo Ella & Herman út Fryslân spilet en sjongt de spesjaal foar dizze foarstelling skreaune lieten. Ella de Jong sjongt en spilet piano, trompet en melodica. Herman Woltman spilet gitaar. Tegearre wûnen Ella & Herman yn 2015 de singer/songwriterspriis fan Fryslân. De ferhalen, en lieten soargje foar in ferbyldzjende reis troch 100 jier skûtsje histoarje. ‘Myn Skip’ waard bekroand mei de Fryske Anjer 2018 fan it Prins Bernard Cultuurfonds Fryslân.
DER IS DIZZE MIDDEI IN BOEKETAFEL EN IN FERLOTTING MEI MOAIE PRIZEN!!!
Kaertsje keapje: Henk Monkel, ponghälder fan it selskip: 0529-433175 / henmmonkel@kpnmail.nl

Datum

mrt 18 2022
Verlopen!

Tijd

Zaal open: 14.00 uur
14:30
QR code