Frysk Selskip Swol: Hein Jaap Hilarides oer syn nijste boek ‘Beppe Xenia’

Dizze middei hat as doel om inoar te moetsjen, lok en seine foar it nije jier te winskjen en gesellich by te praten. We begjinne mei in kopke kofje of tee mei in lekker stikje oranjekoeke. Dat binne we oan it begjin fan it jier sa wend.

Skriuwer / muzikant  Hein Jaap Hilarides  (sjoch side 7) fertelt oer syn nijste boek ‘Beppe Xenia’ en oer de romansiklus dy’t er skriuwt oer de Biltske famylje Wassenaar, dêr’t ‘Beppe Xenia’ it twadde diel fan is. Dit is wer ris hiel wat oars as oars en grif tige nijsgjirrich.

Mar Hilarides bliuwt de hiele middei net oan it wurd. Want der moat foar ús ek tiid oerbliuwe om by te praten. Dat dogge we ûnder it genot fan in drankje en in hapke. En dan is it yn ‘e regel sa mar let.

Elts moat de ‘CoronaCheck-app’ op de mobile telefoan hawwe of yn it besit wêze fan in papieren bewiis mei deselde status. Wa’t dit net hat, wurdt der spitigernôch net ynlitten. 

In noflike middei tawinske!

Kaertsje keapje of oan de doar: Henk Monkel, ponghälder fan it selskip: 0529-433175 / henmmonkel@kpnmail.nl

Datum

feb 18 2022
Verlopen!

Tijd

Zaal open: 14.00 uur
14:30
QR code